‘Froulju moatte 
foar harsels soargje, 
ek finansjeel’

Geplaatst op 6 maart 2023

Wethouder van gemeente Waadhoeke Marja van der Meer ziet veel vrouwen in bestuurlijke of andere fulltime functies stranden op de combinatie met zorgtaken thuis. De uitspraken van seksistische influencers baren haar zorgen.

,,Elk jier stean ik op ien of oare wize wol stil by Internationale Vrouwendag. Dizze kear gean ik eefkes nei Harns, wêr’t in Frouljusdei organisearje wurdt mei aardige aktiviteiten. Ferline jier wurke ik noch by soarchsintrum het Bildt en krige ik fan in manlike kollega it moarnsiten, hiel betochtsum. Ek op Skiermûntseach, wêr’t ik griffier west bin, wie altyd in froulju moarnsbrochje op 8 maart. It is sawiesa goed om de ferbining mei oare froulju op te sykjen, de lêste jierren is dat neffens my ek folle mear de ynstek fan Internationale Vrouwendag. Dochs binne der noch genôch ûnderwerpen wêr’t foar te striden is. We hawwe yn 100 jier safolle berikt as froulju, ik fyn it dan skokkend te lêzen oer praktiken as sexting of grooming, of dat influencer Andrew Tate misogyne útspraken docht en dat jonges oansprekt. Dat is dan echt in stap werom yn in emansipaasjeproses. As gemeente stypje wy aktyf inisjativen om famkes fearkrêftich te meitsjen, fia Connexa, de nije namme foar de Skûle Welzijn. Mei inoar prate oer famkesûnderwerpen is ek wichtich, yn Sint Anne hat it jongereinwurk bygelyks in famkesgroep foar fammen van 12-16 jier.”

,,Fierder is emansipaasje ûnderdiel fan it ynklúzje belied op alle gebieten. Ik haw earder wol es yn in groepke sitten om mear froulju te ynteressearjen foar de polityk, ien fan de froulju dy’t harren doe meldde, sit no noch hieltyd ien yn de gemeenteried hjir in Waadhoeke. In ‘glêzen plafond’ haw ik sels nea meimakke, ik tink dat de kânsen foar froulju yn topfunksjes wol bestean, mar ik sjoch folle froulju strânen op de kombinaasje mei soarchtaken thús. Partners moatte mear thús dwaan as harren frou (ek) fulltime wurket en dat bart faak net.

Yn Waadhoeke wurket 70% fan de wurkjende froulju yn dieltiid, dat is grif mear as manlju. Of dit ferkeard is wit ik net. Mar by in parttime baan heart ek in parttime lean, en der hoecht mar wat te barren of der kinne grutte problemen ûntstean, je man wurdt slim siik, of stjert, of in skieding. Ik fyn dat froulju goed foar harren sels soargje moatte, ek finansjeel. Ik haw dat fan hûs út bot meikrigen: sels dyn broek ophâlde, ûnôfhinklik wêze. Doe ‘t ús bern jong wiene, wurke ik parttime, no ‘t ik fulltime wurkje as wethâlder pakt myn man thús it measte op.”
,,Doe’t ik op frij jonge leeftiid it iepenbier bestjoer yngong, waard my dat troch mannen net altyd in tank ôfnommen, guon wiene echt soer. De polityk wie mear as no een mannebolwurk, ik fielde my net altyd heard, waard ûnderbrutsen en tocht dan: ik hâld my mar stil. Dit is feroare, froulju binne folweardich petearpartner en ik haw ek mear selsbetrouwen. Yn 2006 kaam ik yn Menameradiel yn in folslein frouljeskollege, mei twa oare wethâlders en in frou as boargemaster. Dat wie bysûnder. No is it mei trije manlike wethâlders ek goed hear. Mar doe’t ik ferline jier troch SAM frege waard en ik allegear redenen foar en tsjin op in rige sette, joech dizze feitlik de trochslach: ien fan de wethâlders yn Waadhoeke moat dochs in frou wêze.”

Vrouwendag in Harlingen 
8 maart wordt in Harlingen vrouwendag (vanaf 10 jaar) gevierd met het thema: word je eigen heldin. Naast een inleiding over emancipatie zijn allerlei workshops te volgen, zoals hoelahoepen, buikdansen, nailart en meditatie. Het gratis evenement wordt georganiseerd door jongerenwerk Harlingen, jongerenwerk Franeker, Sociale Activering Statushouders en Nieuw-Zuid. Locatie Nieuw-Zuid, Prinses Irenestraat 2, Harlingen.

Deel dit bericht op:

Uw nieuws

Belangrijk nieuws te vertellen?

Laat het ons weten via
e-mail of gebruik onze aanlevermodule

Ook adverteren?

Benieuwd naar de mogelijkheden?
Neem dan contact met ons op middels telefoonnummer: 06 – 11 43 42 72
(email: info@heidstramedia.nl)