‘Hy is myn allerbêste freon en ik soe net witte wat ik sûnder him moat’

Geplaatst op 18 januari 2022

Stijn Douma en zijn hulphond Vico

Het houdt net op met regenen als ik begin januari aanbel bij Stijn Douma (17) in Marrum. Achter de voordeur hoor ik het onmiskenbare geblaf zijn hond Vico. Een uitstekende waakhond, die daarnaast nog vele andere taken heeft. Vico is namelijk een officiële hulphond, die Stijn helpt waar dat nodig is. ,,Ik kin eins net mear sûnder him.’’

Voorzichtig schijnt het winterzonnetje de woonkamer in als we plaatsnemen aan de keukentafel. De zonnestralen geven de gele vacht van labrador Vico een gouden glans. ,,Hy is foar ús ek fan goud’’, lacht moeder Ypie Kok. Sinds de komst van Vico in september 2018 is hij inmiddels een volwaardig gezinslid, die trots op de jaarlijkse familiefoto’s poseert. ,,Wy binne mar wat wiis mei him. Hy is Stijn syn bêste freon en hy jout ús as gesin in hiel soad waarmte.’’

,,Vico is myn helphûn’’, begint Stijn zijn verhaal. ,,Hy helpt my bygelyks mei it útlûken fan myn sokken. Hy jout my moarns myn skjinne klean oan as ik fan bêd kom. En hy pakt guod op as ik it falle lit.’’ Sokken uittrekken of je aankleden; het zijn voor veel jongens van zeventien de normaalste zaken van de wereld. Stijn moet er echter heel wat meer moeite voor doen. ,,Der binne hieltyd mear dingen dy’t ik sels net sa goed mear kin’’, legt hij uit. ,,Ik ha nammentlik ‘niet-aangeboren hersenletsel’. Dat betsjut dat ik op lettere leeftyd harsenletsel oprûn ha.’’

Daarvoor moeten we tien jaar terug in de tijd, naar een camping in Hardenberg. ,,Doe’t ik sân jier wie, bin ik op fakânsje stutsen troch in mich’’, vertelt Stijn. ,,Hy hat my mar leafst 18 kear prikt. Dêrnei gong it hielendal mis. Ik krige hege koarts en waard siik. Doe’t ik wer wat opknapte en oan it fuotbaljen wie op de kemping krige ik in swiere epileptyske oanfal. Ik bin fuort nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat ik harsefliesûntstekking hie. Ik ha al mei al seis wiken op de intensive care lein en pas nei trije moanne mocht ik wer nei hûs.’’

Tien jaar later heeft Stijn nog dagelijks last van de gevolgen van die ogenschijnlijk onschuldige muggensteken. Meerdere malen per dag heeft hij absences: epileptische aanvallen die enkele seconden duren en waarbij hij heel kort wegvalt. Ook heeft Stijn minstens wekelijks een zware epileptische aanval langer dan vijf minuten, waarvan hij twee tot drie dagen moet herstellen. Helaas zijn deze aanvallen niet goed te voorspellen. ,,Stijn syn epilepsy is saneamde ‘moeilijk instelbare epilepsie’ en is dêrtroch ûnfoarspelber. Wy neame it ek wol ‘stabiel onrustig’”, legt moeder Ypie uit. ,,Mar gelokkich helpt Vico ús in hantsje om dizze oanfallen better oan te fielen.’’

Dat honden vele malen beter kunnen horen en ruiken dan de mens is algemeen bekend. Maar dat ze ook een zesde zintuig hebben voor het aanvoelen van medische problemen is voor velen onbekend. ,,Vico kin yntusken hiel goed oanfiele wannear’t ik in oanfal krij’’, vertelt Stijn. ,,As er fynt dat ik op bêd moat om út te rêsten, dan hellet er in tekken op en leit dy by myn fuotten del. En as er fielt dat it mis giet, dan rint er nei ús heit en mem om te warskôgjen. Dêrom giet Vico ek mei my mei nei skoalle ta en nei terapy.’’

Waar Stijn is, is Vico. Niet alleen om te helpen met de alledaagse dingen, maar ook om Stijn af te remmen zodat hij zijn energie beter kan verdelen. ,,Vico fielt presys oan as it net goed giet mei Stijn. It is echt syn spegel”, vertelt moeder Ypie. “Vico fielt folle mear as dat wy ús foarstelle kinne. Hy kin Stijn echt lêze. As Vico ûnrêstich is, dan is Stijn syn holle dat ek. Vico besiket dan te soargjen foar balâns en probearret foar te kommen dat Stijn oer syn grinzen giet. Hy tikket him bygelyks oan as er fynt dat Stijn him efkes deljaan moat. Of hy siket kontakt mei ús as er fernimt dat Stijn net nei him lústeret. As Vico kommando’s negearret of hy siket hieltyd kontakt mei ús, dan witte wy dat wy Stijn goed yn de gaten hâlde moatte. Dan giet der by ús in alaarmbeltsje ôf.’’

Ondanks de goede hulp van Vico kan een epileptische aanval helaas nog niet voorkomen worden. Stijn: ,,As it safier is, en ik fal op de grûn, dan slikket Vico yn myn nekke en oan myn pols. Dêrmei besiket er myn hertslach nei ûnderen te krijen. Nei ôfrin fan in oanfal kin ik eins neat. Net prate, net rinne. Vico giet dan njonken my lizzen en slikket oan myn fingers, sadat ik se wer better brûke kin. Alle kearen as ik bykom, sjoch ik as earste Vico syn brune eagen. Ik wit dat ik nea allinnich bin.’’

Dat Vico al sinds 2018 een volwaardig gezinslid is, mag trouwens ook een wonder heten. Mede dankzij de inzet van Stijns oudere zus Mirthe Marije en zijn jongere zusje Yinthe Sterre lukte het om stichting Hulphond Nederland te overtuigen om de dan pas 14-jarige Stijn een hulphond te geven. De leeftijdsgrens voor de aanvraag voor een hulphond bij kinderen is 16 jaar. ,,Stijn wie de earste wêrby’t Hulphond Nederland serieus sjoen hat oft bern ûnder de 16 jier ek yn oanmerking kamen foar in hûn’’, legt Ypie uit.

Ook doen de zusjes er samen met hun vriendengroep Friends4ever alles aan om geld bij elkaar te krijgen om een hulphond voor hun broer aan te schaffen. In eigen dorp en de regio organiseren ze diverse inzamelacties. Van een benefietconcert met regionale coverbands tot een statiegeldactie en een sponsorloop van middelbare school Ulbe van Houten in Sint Annaparochie; in totaal wordt in 2018 een bedrag van maar liefst 43-duizend euro opgehaald. Ypie: ,,It doel wie om hjir Stijn syn helphûn mei oan te skaffen, mar Hulphond Nederland freget gjin jild foar in helphûn. Doe ha wy it beslút naam om it jild te donearjen oan dizze stichting. Wy gunne elkenien sa’n helphûn. Hy is ûnmisber yn ús gesin.’’

Stijn herinnert zich het moment dat hij Vico voor het eerst zag nog als de dag van gisteren. ,,It wie ‘liefde op het eerste gezicht’’’, grijnst hij. ,,Omdat ik hieltyd minder goed rinne kin, kin ik ek net mear fuotbalje. Dêr wurd ik hiel fertrietlik fan. Freonen fan froeger sjoch ik hast net mear. Dy binne fierder mei harren libben gong, sûnder my. Mar gelokkich ha ik Vico. Hy is myn allerbêste freon en ik soe net witte wat ik sûnder him moat.’’

Deel dit bericht op:

Uw nieuws

Belangrijk nieuws te vertellen?

Laat het ons weten via
e-mail of gebruik onze aanlevermodule

Ook adverteren?

Benieuwd naar de mogelijkheden?
Neem dan contact met ons op middels telefoonnummer: 06 – 11 43 42 72
(email: info@heidstramedia.nl)