Herboren Tet Rozendal speelt hoofdrol in Axomama
Dood en begraven, dat was haar carrière op de planken. Tet Rozendal had er resoluut een punt achter gezet. Haar herstel na een ingrijpende val stond op één. Dat het leven raar kan lopen, hoefde niemand haar meer te vertellen. Ook nu niet, maar zes jaar na de val die haar leven veranderde, is ze straks terug in de schijnwerpers. Als Axomama, de Godin van de Aardappel, straalt ze in de hoofdrol in het gelijknamige theaterstuk dat tijdens de Bildtse Aardappelweken wordt opgevoerd.
,,Oh, ik bin in echte ierappeliter, hear! Patat, bakte ierappels, seane, stamppotten, hearlik. En ik meitsje graach sop mei ierappels. Dat sit wol goed!” Tet Rozendal is goed gemutst en enthousiast. Als ik haar spreek is ze net terug uit New York en zit ze weer thuis, in Menaam.
,,Ik bin krektlyn 40 wurden. Myn freon Ruud hie der alris west foar it wurk, en soe my altyd nochris meinimme, as ik it wer oan koe. Ik fielde my wer goed dus hawwe wy foar myn jierdei nei New York west. Al dy prikkels… Ik hie de eardoppen en de sinnebril wol mei…Mar it gong goed! Ik koe it ‘handele’. It wie ek om te ‘toetsen’: wêr stean ik no? Ik haw in tiidsje yn London wenne, en tocht dat it as dêr wêze soe, mar New York is dochs echt wat oars. The city that never sleeps, yndie! Mar ik koe it oan.”
Als je New York aankunt, dan moet het Bildt ook lukken. Zeker iemand die, zoals ze zelf zegt, ‘safolle mooglik yn it no’ leeft. Dat motto kan soms sleets overkomen, maar het is bewonderenswaardig hoe Rozendal (1983) er naar leeft. Want ze moest van ver komen. Na het ongeluk in 2017 – door een val op haar achterhoofd liep ze een hersentrauma op en kon ze niks meer verdragen, geen licht, geen geluid, ‘sels net it sykheljen fan myn freon’ – was ze vooral bezig met beter worden. Haar carrière als actrice en zangeres leek in de knop gebroken. ‘Dêr hie ik echt ôfskie fan naam. Dat haw ik echt as rou belibbe, en dat ek akseptearre. It poadium, dat siet der foar my net mear yn.’
Ze begon een opleiding cranio-sacraaltherapie, iets waar ze zelf nog altijd veel baat bij heeft. Acteren, zoals de Mata Hari die ze ooit met verve neerzette, was slechts een echo van een ver verleden. Maar ze begon zich beter te voelen. En hoewel ze het zelf niet opzocht, werd ze plots gepolst voor de hoofdrol in het nieuwe theaterstuk. ,,Hein Jaap ken ik noch fan de Bildtse Aardappelweken yn 2012, en Theo Smedes ken ik echt al hiel lang. Fertroude minsken, en ik fyn it Bilt fantastysk, ik wenje der neist. Ik wie wol echt ferrast troch it fersyk. Ik woe wer ûnder de minsken wêze, it gong better, mar ik miste it sosjale. En doe wie it letterlik’ – doet deurbel na – ‘ding dong, wolst yn it stik spylje? Ik wist drekst: dit moat wêze. Sa’n beslút nim ik út it hert.”
In april, kort na de aankondiging van het stuk, meldde ze op facebook trots: ,,Ik sla de Nije Bildtse Post open en zie mijn eigen naam staan. Als actrice bij de voorstelling Axomama. Wonderbaarlijk.” De aanloop naar de première is één groot hoogtepunt, zegt ze. ,,Ik bin noch net dwaande mei hoe’t it aanst wêze sil, op de planken. It giet om it no. Ik bin hiel oanwêzich mei it oefenjen fan de tekst, ik sûgje alles op, en wy hawwe och sa’n wille mei-inoar. Ik genietsje fan elts momint. Ik moat foaral in ôfgryslik soad laitsje, sa’n prot wille hawwe wy mei de repetysjes. Earlik sein: ik hie it stik ek net lêzen doe’t ik ja sei. Wat moais mei elkoar meitsje, dat wie it wichtichste foar my.”
Rozendal speelt Axomama, Godin van de Aardappel. ,,Hoe omskreau ik it lêsten ek mar wer? Oh ja. Axomama: in boartlike, mearke-eftige foarstelling mei humor, muzyk; de romte fan it Bilt jout it publyk romte foar fantasy! Axomama wrakselet mei har gefoelens. Sy fielt har ek mins, wylst se in godlik wêzen is. Theo, de regisseur, is in hiel moai mins, hy lit my frij om it yn te foljen sa’t ik it dwaan wol. It moaie oan Axomama is de ‘gelaagdheid’ dy’t ik har meijaan kin: de iene kear is it in âld bepke, de oare kear in stoere, seksy frou. Gjinien is allinnich swart of wyt, ek in goadin net.”
Rozendal realiseert zich nu dat ze rijker uit haar tegenslag gekomen is dan ze dacht. ,,Ik tocht dat ik nei it ûngemak alles ferlern wie, dat ik wat kwyt rekke wie. Mar dat is net sa. Ik bin niks ferleard, ik haw der just mear ûnderfining by krigen.”
Ze voelt geen druk, ook niet van haarzelf, over de aanstaande reeks opvoeringen. ,,Ik bin net sa bot dwaande mei wat oaren der fan fine. Ik haw dissipline en wol dat it moai wurdt, fansels, mar it giet my om it proses. Ik bin okay, ik hoech my net mear te bewizen. Ik wol genietsje fan al it moaie dat it libben te bieden hat, noch mear as earst. Dêr heart dit by. It wurdt prachtich… it is al prachtich.”